Camperplaats Waterloo
  • nl
  • en
  • fi
  • fr
  • de
  • es
  • Kamperplak
    • Fasiliteiten
    • Iepeningstiden & tariven
    • Moarns brochje op de buorkerij
    • Meihelpe op ‘e buorkerij
    • Gasteboek
  • Omgeving
  • Rûte
  • Kontakt
Home » Kamperplak » Moarns brochje op de buorkerij

Moarns brochje op de buorkerij

Hawwe jo wat te fieren of is it samar in moaie dei? Dan kinne jo hearlik op jo gemak brea-ite, bûtendoar.

Produkten út ‘e omkriten

Jo moarnsbrea servearje wy yn in tapaslik buorkerij-servys. Jo krije û.o. kofje mei waarme molke fan eigen kij of in lekkere pot tee, farsk perst sinesappelsop, yoghurt mei hunich, bôle mei boerebûter,  tsiis, in aaike fan ús skarrelhinnen, sûkerbôle fan ‘e waarme bakker en it oare fariearret.

Dit kostet € 15,- de persoan. Graach trochjaan foar 18.00 oere op de dei foar it brea-iten.

Albert & Jacqueline Aukes | adres: Nummer 19 | 8554 RD Ypecolsga | Friesland
Tel. 0031 (0)514-591266 of 0031 (0)6-43102213
info@camperplaatswaterloo.nl