Meihelpe op ‘e buorkerij
Famyljebedriuw yn Ypekolsgea

Gers foar de kij
Helpe mei it kij opheljen út it lân kin ek, mar meastal fluitet de boer efkes en dan komme de bisten al gau nei de hikke. Hja wolle dan wol graach nei binnen om molken te wurden. Simmerdeis wurdt der gers meand en ophelle, dit krije de kij nei it melken te fretten. De stâl leit dan fol mei hearlik swiet rûkend gers.
Eltse 3 dagen hellet in grutte tankauto (36.000 liter) de kuolle molke op út de tank op ‘e buorkerij. De molke wurdt û.o. nei Warkum brocht, hjir stiet in grutte tsiisfabryk fan Royal Friesland Campina of de molke giet nei in oare fabryk foar deifarske greidemolke.
Bern meie meihelpe op ‘e buorkerij
Foar bern is in buorkerij altiten in hiel aventoer. De kij binne fan tichtby dochs wol hiel grut. Mei in bytsje lok wurdt in kealtsje berne en kinne jo sjen hoe oft de mem har keal droech slikket en it kealtsje al gau prebearret om stean te gean. Dit is earst wol wankel, mar al gau kinne hja rinne.
De buorkerij is folop yn bedriuw, mei trekkers en frachtauto’s dy’t it hiem op en ôf ride. Foar de feiligens foar de bern moat in folwoeksene harren begeliede op it hiem en yn ‘e stâl.
Nijberne kealtsjes
Achter de Fryske stjelppleats groeie kealtsjes op yn harren eigen hokje mei strie, in saneamde ‘iglo’. Dat giet simmers en winters goed, al krije de keallen winterdeis wat mear iten om op temperatuer te bliuwen.
Nei in skofke geane de keallen yn groepen nei de nije jongfeestâl. Dêr lizze hja earst wer op strie en kinne hja frij rûn rinne. Nei in skoftke skowe de keallen wer op; en kinne hja oefenje foar de echte lisboksstâl. Hja lizze dan op rubberen matten yn ‘e boksen en rinne op betonnen roasters.